Kollum: ''Foar de duvel net bang''

''Myn wurkster is in geweldich wyfke. Se is lyts fan stik mar hat in grut hert. In oanpakster, net op har mûle fallen en dochs diplomatyk. Hiel leaf en foar de duvel net bang. Lit ik har Rana neame.
Ik moat faaks om har laitsje. Yn desimber rôp se dramatysk: Ik hááát desimber! Om har hjirnei entûsjast as Sinteklaas te ferklaaien foar har bern en driftich surprizen mei se te meitsjen. Mei de krysttiid makket se pannen fol iten foar har skoanfamylje en set se in enoarme kalkoen yn de oven.
Op pakjesjûn bonkte se hjir op de doar en hie se kadootsjes op de matte dellein foar ús bern. Se komt hielendal net út in lân dêr't je Sinteklaas fiere, mar se fynt it idee fan kadootsjes útdiele gewoan geweldich.
Rana komt út in Arabysk lân en is troud mei in beamlange Nederlanner. Hy hat in goede, ynternasjonale baan dus foar it jild hoecht se it wurk net te dwaan: se wol gewoan oan de slach wêze en mei dit wurk kin se har tiid maklik yndiele, seit se.
Rana helpt minsken mei de Nederlânske taal, se bringt minsken dy't net mobyl binne nei it sikehûs, se nimt boadskippen foar se mei en helpt de pleatslike plysje as it moat mei saken wêr't se in Arabysk sprekkende by nedich hawwe. It is in brêgebouwer, myn wurkster. In foarbyld. Hienen we allegearre mar wat fan har tink ik wol ris.
Rana komt út in lân dêr't de minste of geringste krityk of ferset tsjin de regearing al oant finzenisstraf liedt. Of slimmer. De deastraf. Mar sa't ik al sei, Rana is foar de duvel net bang en der is ien ding wêr't se in groulike hekel oan hat. Unrjocht. Dan komt se yn ferset.
In pear jier lyn wie der in lid fan de regearing fan har heitelân hjir by de Twadde Keamer yn Den Haach. No lit ik fan my hearre, tocht se. Op it Binnenhof stapte se op him ôf en stelde him de fraach wêrom't hy ûnskuldige jonge minsken de deastraf jûn hie. Dat wie net sûnder gefolgen.
Har aksje kaam yn in filmke op ynternet terjochte. Har namme foel yn tal fan talkshows. Se fregen har ôf wa't dizze aktivist wie. Foto's fan har bern en man moast se fan Facebook helje. Net feilich.
Yn it appartemint wat se dêr noch hat, binne de elektrisiteitstriedden trochknipt en is it wetter ôfsletten. Wa't der achter sit, wit se net. Wat in geweldich lân ha wy dan, tink ik dan. Hjir geane guon bestjoerders gewoan op de fyts nei it Binnenhof en kin je se gewoan iepenlik in fraach stelle. Op Twitter bygelyks. Lit dat asjebleaft sa bliuwe.
Juster sei se tsjin my: Nynke, ik gean er ynkoarten hinne. Ik mis myn heitelân. As ik my op myn kop sitte lit, ferliest it libben har glâns. Ik fyn dat se gelyk hat, mar leaver sjoch ik har werom. Of har namme op in swarte list stjit, wit se net. It kin wêze dat se oppakt wurdt. It kin ek wêze dat se gewoan by it swimbad leit yn har o sa miste heitelân. Ik hoopje dat jimme it lêste mei my hoopje.''
Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tydskriften. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûnderet. Se is te folgjen op Twitter.