Tsjerk Hiddesslûzen yn Harns krije opknapbeurt

It is yn septimber dit jier en jannewaris takom jier oplette foar it skipfeartferkear dat Fryslân yn wol. De slûzen yn ien fan de wichtichste farrûten yn Fryslân wurde yn dy moannen nammentlik opknapt. Hjirtroch kinne fertragingen en omliedingen ûntstean.
It giet om de Tsjerk Hiddesslûzen yn Harns. Yn septimber sil der wurke wurde oan de lytse kolk yn de slûs, en yn desimber en jannewaris is de grutte kolk oan de beurt. Dit betsjut dat dy kolken dan ek in folsleine moanne ôfsletten binne foar it skipfeartferkear.