Hynder smyt dea fôltsje nei skrik troch hûn

© ANP
De plysje is op syk nei in frou dy't woansdeitemoarn har hûnen útliet yn in greide oan de Severander yn Frjentsjer. Ien fan har hûnen hat mooglik yn in stâl njonken de greide in drachtich hynder sa oan it skrikken brocht, dat it hynder in pear oeren letter in dea fôltsje smiet. Om't it bist by lange nei noch net oan smiten ta wie, tinkt de plysje dat dat kaam trochdat it bist oerémis rekke wie fan de hûn.
De plysje ropt de frou en oare tsjûgen op harren te melden.