7000 minsken nei Marneflora

30 apr 2007 - 21:58

De earste edysje fan blommen-eksposysje Marneflora yn Dokkum hat minder besikers lutsen as hope wie. Yn totaal binne der tusken de seis- en sântûzen minsken op ôfkaam, wylst de organisaasje hope hie op tsjientûzen.

Marneflora is de lêste 13 jier hâlden yn it Grinslanner Warffum, mar dêr kamen hieltiden minder minsken.Dêrom is Marneflora ferhúze nei de Bonifatiuskapel yn Dokkum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)