7000 kg yllegaal fjoerwurk fûn

05 nov 2010 - 08:16
  • De partij yllegaal fjoerwurk yn Snakkerbuorren

De plysje hat tongersdeitejûn yn Snakkerbuorren in grutte partij yllegaal fjoerwurk fûn en yn beslach nommen. De partij fan 7000 kilo wie opslein yn in loads oan it Pollepaad. It giet om swier fjoerwurk út nei alle gedachten Poalen.

Nei anonime tips hâlde de plysje op de A32 in 68-jierrige man oan. Yn de loads waarden ek noch twa 48-jierrige manlju en in 25-jierrige frou oppakt. De frou koe nei ferhoar nei hûs. De manlju sitte noch fêst en wurde heard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)