700 dielnimmers sportûndersyk

06 mrt 2008 - 16:27

Goed 700 skoalbern tusken 13 en 18 jier hawwe meidien oan in grut Frysk ûndersyk fan Sport_Fryslân. Op in spesjale ynternetpagina kinne bern op skoalle tritich fragen beantwurdzje oer bewegen en sûnens. It is de bedoeling dat sa'n 3000 bern de fragelist ynfolje. De útkomsten fan it ûndersyk wurde yn maaie bekend. Mei de ûndersyksgegevens kinne skoallen, sportferienings en oerheden plannen meitsje oer sporten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)