70 minsken ynfojûn Easterwâlde

14 sep 2012 - 21:39

Sa'n santich minsken binne freedtejûn yn Easterwâlde nei de bewennersbyienkomst kaam yn ferbân mei it misdriuw oan de Klazingawei earder dizze wike. Hjirby is in 67-jierrige frou om it libben brocht.

De byienkomst wie yn it gemeentehûs en luts foaral minsken út it bûtengebiet fan de Klazingawei. Se hiene foaral fragen oer de slotten op harren huzen en de befeiliging fan de wenning. En oer hoe't se it gefoel fan ûnfeiligens fuortnimme kinne by de bern. De plysje koe yn it belang fan it ûndersyk gjin ekstra ynformaasje jan.

De Klazingawei is wol wer iepen. Sneon wurdt it lêste ûndersyk yn de wenning dien en fan moandei ôf sil de befeiliging fan de wenning opheft wurde. Boargemaster Oosterman iepene de gearkomste, troch syn meilibben út te sprekken mei de neibesteanden. Oosterman hat as boargemaster noch in jier wurke mei wethalder Heijltjes, de ferline jier ferstoarne man fan it slachtoffer. Oosterman siket kommende wike in goed momint om kontakt te sykjen mei de neibesteanden. De bewenners sprutsen freedtejûn nei ôfrin fan in goeie gearkomste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)