70 km te hurd oer klaverblêd It Hearrenfean: rydbewiis kwyt

23 nov 2015 - 18:35

By in kontrôle fan de plysje op it klaverblêd op de A7 by It Hearrenfean is in autobestjoerder moandeitemiddei syn rydbewiis kwytrekke. De plysje kontrolearre dêr mei in laser ferkearsdielnimmers op te hurd riden.

De persoan ried 170 kilometer yn 'e oere, wylst dêr mar 100 kilometer tastien is. De hurdrider moast syn rydbewiis ynleverje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)