70 kilo hasj yn boat Skier

22 jul 2014 - 09:05
  • De fjoertoer fan Skiermûntseach

De plysje hat 70 kilo hasj fûn yn in boat dy't yn juny foar Skiermûntseach fêst kaam te lizzen. Der binne twa manlju út Sweden oanholden foar de drugssmokkel, wêrfan ien noch fêstsit. De boat kaam yn de nacht fan 19 op 20 juny fêst te sitten. De plysje fûn doe wol fertochte pakketsjes, mar wist noch net wat yn de pakketjes siet.

Ut ûndersyk docht no bliken dat it hasj wie. Ien fan de fertochten wie earder ek al belutsen by drugshannel en sit noch fêst. De maresjesee hat it ûndersyk oernaam fan de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)