70 beswierskriften mûne Boerum

03 sep 2014 - 21:05
  • De weropboude mûne Windlust yn Boerum nei de brân

Hast 70 minsken hawwe by minister Bussemaker in beswier yntsjinne tsjin har beslút om de mûne fan Boerum fan de monuminelist ôf te heljen. Nettsjinsteande it advys fan de Raad voor Cultuur hat de minister earder dizze simmer besletten dat de fernijboude mûne fan Boerum net in offisjeel monumint mear is. De mûne baarnde mei Peaske 2013 ôf en is wer opnij opboud. Under oare de eigener fan de mûne hat in beswierskrift yntsjinne. Boerum hopet no dat de minister nei oanlieding fan de beswieren opnij nei de status fan de mûne sjen sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)