70 bekeurings lânbouferkear

22 okt 2012 - 10:55
  • Trekker

De Plysje Fryslân hat de lêste tiid lânbouferkear ekstra yn 'e gaten hâlden. 550 lânboumasines binne kontrolearre. Santich bestjoerders binne bekeurd en fyftich hawwe in warskôging krige.

De kontrôle wie benammen rjochte op útstekkende en skerpe ûnderdielen. Dy binne gefaarlik foar it oare ferkear. Der wie ek kontrôle op ferljochting en spegels. Fanwege de rispinge fan mais en oare gewaaksen binne der op 't heden in soad grutte trekkers en weinen op 'e dyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)