A-7 sintrum tinkt oan rjochter

16 okt 2009 - 00:19

It Centrum voor de Kunsten A-7 stapt mooglik nei de rjochter om ekstra jild los te krijen by de fjouwer gemeenten dêr't it sintrum foar wurket. Sa moat in fallisemint foarkommen wurde. Dat sei foarsitter Frans Bouwers fan de Rie fan Tafersjoch tongersdeitejûn op It Hearrenfean.

Yn in spoeddebat oer de kwestje die bliken dat ek de gemeenteried fan Hearrenfean gjin kâns sjocht om it sintrum te rêden mei ekstra jild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)