7 plannen foar nij provinsjehûs

02 nov 2004 - 11:09

It is in opdracht fan 50 miljoen euro, dêr't sân arsjitekten gading nei meitsje: it ûntwerp foar de ferbou én nijbou fan it Provinsjehûs yn Ljouwert. Yn dat Provinsjehûs binne de ynbrochte ideeën no ek te besjen. De arsjitekten jouwe harren fyzje op in transparant gebou mei in histoarysk karakter, dêr't 800 minsken wurkje moatte.

De provinsje Fryslân sil woansdei bekend meitsje hokker arsjitekt it earste ûntwerp fierder útwurkje mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)