7 miljoen foar Frysk grien gas

10 maaie 2012 - 14:06

Europa stipet it Noard-Nederlânske projekt foar grien gas mei 7 miljoen euro. Dat jild wurdt stutsen yn de fersnelling fan de ûntwikkeling en it brûken fan grien gas. Dat is biogas dat sa opwurdearre is dat it gelyk is oan ierdgas.

Yn it projekt wurdt gearwurke troch 63 bedriuwen en oerheidsynstellings, sa as de fiif noardlike provinsjes en twa Dútske dielsteaten. Mei de subsydzje moat de gearwurking tusken de partners ferbettere wurde. Yn Nederlân is in soad kennis fan ierdgas en Dútslân rint foarop yn de produksje fan biogas.

It kennissintrum Groen Gas is festige op Nij Bosmazathe by Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)