7 jier easke foar rôfoerfal

14 mrt 2003 - 00:00

De offisier fan justysje hat freed sân jier selstraf mei TBS easke tsjin in 21-jierrige ynwenner fan Kollumersweach. De man is haadfertochte fan 'e rôfoerfal op 'e 85-jierrige Sibbele Hietkamp, dy't dêrby slim ferwûne rekke troch messtekken.

De man die de oerfal mei trije oare fertochten. Tsjin in twadde en tredde fertochte waarden straffen fan 30 en 20 moanne selstraf easke. De fjirde fertochte wie minderjierrich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)