69e Kuieralvestêdetocht fan start gien

12 maaie 2015 - 08:25
  • De 'kopgroep' passearret om healwei njoggenen de ôfslach Mantgum
  • De start fan de kuieralvestêdetocht by De Harmonie yn Ljouwert

Yn Ljouwert binne tiisdeitemoarn om sân oere de rinners ôfset foar de 69e kuieralvestêdetocht. Henk Kroes joech it startskot by skouboarch De Harmonie. Yn fiif dagen rinne de kuierders alle alve Fryske stêden bydel. De earste dei giet it fan Ljouwert oer Snits en Drylts nei Sleat, in ôfstân fan 49 km.

Seishûndert dielnimmers rinne alle dagen en fjouwerhûndert minsken ien dei. Dy iendeirinners binne yn tal tanaam. De hurdsten hawwe in tempo fan 8 km yn de oere. De earsten wurde tiisdeitemiddei om twa oere yn Sleat ferwachte.

De lêste twa dagen rinne ek militeren mei yn de kuieralvestêdetocht. De organisaasje hopet oer in pear jier flink útpakke te kinnen mei Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)