69e betinking Slach by Warns

27 sep 2014 - 17:44
  • De 69e edysje fan de betinking fan de Slach by Warns

Op it Reaklif wie sneon de 69e betinking fan de Slach by Warns. It tema fan dit jier is: Frysk ferbynt! Der wiene taspraken fan Hâns Dijk fan it Frysk Boun om Utens en Lysbeth Jongbloed fan de Fryske Akademy. Sy fertelden wat de funksje fan de Fryske taal is. Neffens Hâns Dyk soarget de Fryske taal derfoar dat Friezen harren ferbûn fiele meielkoar.

Der waarden ek Fryske lieten songen mei help fan it Frysk Sjongkoar fan Lelystêd en it muzykkorps De Lytse Súdwesthoeke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)