FIDEO: Lêste wurkdei Lutz Jacobi yn Twadde Keamer

It sil in stik rêstiger wurde yn Den Haag. Tongersdei is it nammentlik de lêste wurkdei fan Lutz Jacobi as lid fan de Twadde Keamer. Sûnt 2006 hat se dêr de Fryske belangen ferdigene, stimde se as iennige PvdA'er tsjin de JSF en koe de natuer op har ynteresse rekkenje. Reden genôch foar ferslachjouwer Miranda Werkman om noch ien kear mei Lutz mei te gean nei Den Haag.