Steenvoorden yn de basis by Cambuur

Matthew Steenvoorden begjint freed yn de thúswedstriid fan Cambuur tsjin MVV yn de basis. Steenvoorden rekke yn oktober blessearre, mar nei in lange revalidaasje is hy no wer fit om te spyljen. Steenvoorden ferfangt yn it sintrum fan de ferdigening Omar el Baad. Steenvoorden kin mei syn lingte better de sterke spits fan MVV Thomas Verheijdt bespylje sa is de gedachte. Op it middenfjild stiet Sander van de Streek yn de basis. Dat giet ten koste fan Lilipaly. Jamiro Monteiro is nei in skorsing ek wer werom. Cambuur spilet yn in 4-3-3 opstelling.
By winst op MVV komt Cambuur op ien punt fan de ploech út Maastricht en ferstevigje de Ljouwerters it plak yn de top fiif.
Opstelling Cambuur: Zeinstra; Peersman, Schilder, Steenvoorden, Van Deelen; Monteiro, Van de Streek, Bakker; Tissoudali, Barto, Hoefdraad.