"Trochstek Skilkampen is deastek foar seefûgelkoloanje"

In trochstek troch Skilkampen, in âld wykje oan de eastkant fan Ljouwert, is de ynset fan in rjochtsaak, tongersdei by de rjochtbank yn Grins. Skilkampen is in buertsje oan de eastkant fan Ljouwert mei in unyk natuergebietsje, dêr't in seefûgelkoloanje syn thús hat.
De gemeente wol in trochstek fan 15 meter breed meitsje foar de rekreaasjefeart. De minsken fan Skilkampen binne bang dat dat de deastek is foar de seefûgelkoloanje, wylst der neffens harren wol goede alternativen binne.
De bewenners binne net tsjin de trochstek tusken De Tynje en De Kurkmeer, allinnich net sa breed en net op dat plak. De gemeente is lykwols dôf foar de alternativen. De minsken fan Skilkampen tinke dat de gemeente fêsthâldt oan it plan, omdat se oars gjin subsydzje krije.
De trochstek komt op it plak dêr't de seefûgels harren piken grutbringe. De gemeente tinkt dat nei de oanlis fan de trochstek de seefûgels ek wol opskowe sille. In behearplan ûntbrekt lykwols oant no ta.