Dronken frou slacht rút yn by eks yn Drachten

De Bouwakker yn Drachten © Google Streetview
In 46-jierrige frou út Drachten is yn de nacht fan tiisdei op woansdei oanhâlden foar fernieling, bedriging, ferbean wapenbesit en hinderlik lestich fallen. Se hie dy jûn in skoft lang foar oerlêst soarge by it hûs fan har eks oan de Bouwakker yn Drachten. Uteinlik sloech se de ruten yn om sa yn 'e hûs komme te kinnen. Se brûkte dêrby in hammer en in fleismes. De frou wie dronken en se rekke by har aksje licht ferwûne. Yn it hûs lei ek noch in lyts berntsje te sliepen.
De frou is ynsletten foar ferhear en fierder ûndersyk.