ROC Friese Poort goed yn foarkommen skoalútfal

© Screenshot YouTube ROC Friese Poort
De ROC Friese Poort docht it noch altyd goed as it giet om it foarkommen fan skoalútfal. De skoalle stiet op it fjirde plak fan de lanlike list fan it ministearje fan Underwiis. It persintaazje fan jongeren dat sûnder startkwalifikaasje fan skoalle giet, leit by de Friese Poort op 3,4 prosint, lanlik leit dat op 4,6. De Friese Poort besteget in soad oandacht oan de persoanlike begelieding fan studinten, mar it kin noch altyd better, seit Micha van Akkeren fan it kolleezje fan bestjoer.
Elke studint dy't sûnder startkwalifikaasje fan skoalle giet, is neffens him ien tefolle. De Friese Poort wurket al in pear jier gear mei skoallen út it fuortset ûnderwiis, oare mbo-ynstellings en de trije RMC's (Regionaal Meld- en Coördinatiepunt) om it oantal skoalferlitters sa lyts mooglik te hâlden. En sûnt ferline jier wurde ek de gemeenten dêrby belutsen. Koarte linen, in flotte ynformaasje-oerdracht en it ferdwinen fan gemeentlike grinzen soargje derfoar dat jongeren yn byld bliuwe en wer op koers holpen wurde. Dat liedt al mei al ta dizze sifers.