Elske DeWall spilet Maria yn The Passion

Elske DeWall is Maria yn The Passion. De Fryske sjongeres sil de iennige froulike rol yn it spektakel spylje dat 13 april yn Ljouwert hâlden wurdt. Earder waard al bekend dat Jezus spile wurdt troch soulsjonger Dwight Dissels. Waarman Piet Paulusma docht ek mei.
Mei The Passion wurdt it lijensferhaal fan Jezus ferteld. By it spektakel sjouwe dielnimmers in grut ferljochte krús troch it sintrum nei it haadpoadium op it Wilhelminaplein by it Fries Museum.
Hoe heardest it?
“Ik wie yn Amearika dêr’t ik allinne in roadtrip oan it meitsjen wie" fertelt Elske DeWall. "Op in moarn waard ik wekker en seach op myn telefoan dat myn manager allegear berjochten stjoerd hie: jij bent Maria! stie der. Doe ha ik wol in pear freugdedûnskes makke op de hotelkeamer. Doe’t bekend waard dat The Passion dit jier yn Ljouwert wie, waard myn namme alris neamd. Ik fyn it geweldich dat ik meidwaan mei en ik fyn it in grutte eare. It is spannend, mar ha der ek hiel bot sin oan.”
Geheim
Yn it geheim is Elske al wiken oan it repetearjen. "Doe’t ik út Amearika weromkaam, ha we in meeting hân mei it produksjeteam oer watfoar nûmers oft ik sjonge sil. En nee, watfoar nûmers dat wurde, mei ik noch neat oer sizze. We repetearje yn de studio fan Eric van Tijn, dy’t de arranzjeminten makket.
Rol
“It is echt in rol, ek al ha ik gjin tekst. Ik wol de wrakseling wol oerbringe dy’t Maria hat. It is bêst in heftich ferhaal. Se is fansels in ikoanysk figuer, de mem fan alle memmen, mar se hat ek persoanlik leed, want se ferliest har soan. Yn de rol sit hoop, krêft, kwetsberheid en twifel, allegear tagelyk. Maria is in soarte fan rêstpunt yn it ferhaal, se is ek hieltyd allinne, yn tsjinstelling ta Jezus dy’t mei syn dissipelen is. Soks ha ik noch net earder by de ein hân. Ik krij ek dramabegelieding en we prate in hoop oer hoe’t we Maria delsette kinne. Maria krijt ek in spesjaal ûntwurpen jurk, dat helpt ek om yn de rol te kommen.
Wat hast sels mei it ferhaal?
“Ik ha op in kristlike skoalle sitten, dus ken it Bibelferhaal wol en de film Jesus Christ Superstar ha ik hiel faak sjoen, in fantastyske film. It ferhaal is noch altyd aktueel, en giet boppe de godstjinsten út. Dat is ek de krêft fan The Passion, it ferhaal yn kombinaasje mei de ferskes dy’t yn in oare kontekst hiel goed blike te passen."
Utfiering
Elske sjongt alle nûmers live. “Ik bin de muzyk no benammen oan it lústerjen om it my eigen te meitsjen. It is wat oars as dat ik wend bin, mar in moaie kâns om sjen te litten wat ik kin. It fielt wol in bytsje as dat ik Fryslân fertsjintwurdigje, dat makket it ekstra spesjaal. Ik wol it ek foar de Friezen hiel graach hiel goed dwaan, mar kin net mear as myn bêst dwaan. Hooplik wolle de Friezen my helpe en wurd ik optild troch de enerzjy fan de minsken op it plein as ik dêr oan it sjongen bin.”
Genietsje
The Passion is ien fan de grutste live-produksjes. “It is hiel leuk om mei te gean yn it sirkus, mar ik kin it ek wol wer loslitte. Ik draai al wat langer mei en lit my de kop net sa gau gek meitsje. Yn Fryslân binne minsken ek net sa gau ûnder de yndruk. Ik jou my deryn en sil foaral ek hiel bot genietsje. Ik bliuw nuchter hear, mar wa makket dit no mei?"