Plysje siket tsjûgen fan it ynriden op in man

© ANP
Yn de Bonairestrjitte yn Ljouwert is tiisdeitemiddei in man mei syn auto op in bewenner fan dy strjitte ynriden. Dat wie tusken 16.15 en 16.30 oere. De bewenner waard rekke, mar draafde fuort en koe sa tefoaren komme dat er ferwûne rekke. In 32-jierrige man út Marsum wurdt fertocht fan it ynriden op de man. De plysje trof de automobilist fierderop yn syn auto oan. Hy is oanhâlden en syn auto is yn beslach nommen. De fertochte is ynsletten foar ferhear.
De plysje siket tsjûgen fan it ynsidint.
De oanlieding foar it ynsidint soe mooglik lizze yn in langer rinnend konflikt.