Beammen oan de Middenstreek op Skier wurde letter snoeid

Skiermûntseach © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Skiermûntseach stelt it snoeien fan beammen oan de Middenstreek út. Dat wurk soe moandei begjinne, mar omdat it dan noch maitiidsfakânsje is fynt de gemeente dat net ferstannich. It soe mooglik oerlêst foar it iepenbier ferfier en de ûndernimmers opsmite kinne. Omdat der fanwege de Floara- en faunawet nei 15 maart net mear snoeid wurde mei, wurdt it wurk útsteld oant fan 't hjerst. Dan is it briedseizoen wer foarby.