Ald-boargemaster Gerrit Jan Polderman ferstoarn

Gerrit Jan Polderman is tiisdei ferstoarn. De VVD-politikus is 70 jier wurden. Polderman wie fan 1996 oant 2011 boargemaster fan Tytsjerksteradiel. Yn dy perioade hat er ek waarnimmend boargemaster west fan de gemeente Boarnsterhim. Begjin 2011 gie er mei pensjoen.
Hy kaam ein 2011 lykwols werom yn de polityk as waarnimmend boargemaster fan Smellingerlân. Dy funksje hat er oant ein 2012 hân.