Smellingerlân hâldt hoe dan ek in sosjale wurkfoarsjenning

As Caparis ferdwynt, sil de gemeente Smellingerlân as it moat selsstannich trochgean mei de sosjale wurkfoarsjenning. Dat sei wethâlder Jos van der Horst tiisdei yn It Polytburo, it politike programma fan Omrop Fryslân. Smellingerlân is ien fan de acht Fryske gemeenten dy't oandielhâlder binne fan Caparis. Se binne it ûnderling net iens oer de takomst fan Caparis en dat soarget foar problemen.
Van der Horst fynt dat de gemeenten it ferplichte binne om WSW-ers wurk te bieden neffens harren mooglikheden.
De SP-wethâlder fan Smellingerlân sei dat de gemeenten bepaald net útblinke yn 'democratische dadendrang." Van der Horst stelde fierder yn It Polytburo dat it mislearjen fan in links polityk front foaral de skuld fan de Partij van de Arbeid is.