Heit en soan út Aldeholtpea meie faaks in jier net buorkje

It moat in boer út Aldeholtpea en syn soan in jier lang ferbean wurde om te buorkjen. Dogge se dat wol, dan moatte se in healjier de sel yn. Dat hat de offisier fan justysje easke yn in strafsaak tsjin de twa.
De boer en syn soan wurde der fan fertocht dat se har fee fertutearze hawwe. De stâlen waarden ferline simmer ûntromme. De boer en syn soan sizze dat it allegear wol tafoel mei it fersoargjen fan de bisten. In feedokter seit dat it de feehâlder en syn soan allegear boppe de holle groeid wie.
De boer en syn soan meie yn de proeftiid fan trije jier ek gjin bisten hâlde, sa is easke. En se moatte ferplicht meiwurkje oan de kontrôles fan de NVWA (Nederlandse Voedsel en Warenautoriteit). binnen in moanne nei it fonnis fan de rjochtbank moatte alle bisten fuort wêze. Neffens offisier fan justysje Van Ieperen binne dizze maatregels nedich, omdat heit en soan net foar harren fee soargje kinne.
By ferskillende kontrôles yn 2014 en 2015 konstatearre de NVWA dat it net bêst like mei de fersoarging fan de bisten. It fee hie gjin skjinne en drûge lisplakken, se hiene temin wetter, kadavers waarden net op tiid fuorthelle en in soad bisten rûnen der fertutearze by.
It bedriuw waard úteinlik yn de simmer fan 2016 ûntromme, ek de trije hûnen waarden meinommen. Neffens Van Ieperen wie der op dat momint sprake fan in ûnhâldbere situaasje. De ûntromming soarge foar twa ynsidienten: de heit soe in meiwurkster fan de NVWA mei de dea bedrige hawwe en de soan soe him dêrnei mei in hûn yn syn auto opsletten hawwe.
Neffens heit en soan foel it allegear wol wat ta mei de fersoarging fan de bisten. 'Ik die wat ik koe, yn grutte halen wie it wol yn oarder', sei senior. Hy hat oardel jier siik west en yn dy tiid gie it wol wat minder. In feedokter en freon fan de famylje konstatearre dat it heit en soan wat boppe de holle groeid wie. De soan holp syn heit, neist syn gewoane baan, safolle mooglik. De NVWA leit in claim fan 100.000 euro del by de heit, de soan soe 30.000 euro betelje moatte, mar dat jild hawwe beide net. De útspraak fan de rjochtbank is oer twa wike.