FIOD nimt auto's yn beslach by garaazje yn Aldwâld

© ANP
De FIOD hat tiisdei in ynfal dien bij in garaazjebedriuw yn Aldwâld, omdat de eigener fraudearre hawwe soe mei de belesting. De man ymportearret lúkse auto's en soe sjoemele ha mei de kilometerstannen fan de auto's. Dêrtroch sakke de wearde en hoegde der ek minder belesting oer betelle te wurden. De belestingtsjinst rûn troch de fraude 3,5 ton euro mis.
Der binne sân auto's yn beslachnaam, wêrûnder BMW's. De FIOD hat ek de administraasje fan it garaazjebedriuw meinaam.