Frou fernielt foar de fiifde kear plysjeburo Easterwâlde

© Kappers Media
De ruten fan it plysjeburo yn Easterwâlde binne yn de nacht fan moandei op tiisdei foar de fiifde kear fernield troch in 30-jierrige frou út it doarp. De ôfrûne dagen fernielde de frou de ruten al faker. Se wurdt eltse kear oanhâlden, mar dêrnei wer frijlitten. De frou hat ek hûnderten kearen it alarmnûmer 112 belle. De frou is bekend by de GGD, mar dy fynt it oant no ta net nedich om de frou ferplicht op te nimmen.