Brân yn appartemintekompleks oan it Van Harinxmaplein

Flat dêr't de brân wie © CAMJO Media
De brânwacht hat moandeitejûn koarte tiid yn aksje west foar in brân yn in flat oan it Van Harinxmaplein yn Ljouwert. Neffens tsjûgen hat de plysje fuortendaliks besocht de flat te ûntromjen. Dit soarge foar konsternaasje. It fjoer yn it appartemintekompleks siet benammen yn de meterkast, en koe al gau útmakke wurde. It is net bekend oft der immen ferwûne rekke is by de brân.