Fisksaken en sliterijen ferkeapje útsûnderlik goed

It giet wer better mei de detailhannel. Neffens it Sintraal Buro foar de Statistyk springe twa soarten bedriuwen derút: de fiskspesjaalsaken en de sliterijen.
By Visshop De Drait yn Drachten fernimme se de opgeande line dúdlik. Ljibbe van der Harst, dy't dêr al 25 jier syn saak hat, neamt desimber in topmoanne. Mar ek jannewaris giet it poerbêst. "Dan fernimme jo dochs dat minsken wat mear jild om hannen hawwe."
Fisktaksy
De taname giet net fansels. Undernimmers moatte wol kreatyf wêze en altyd mei wat nijs komme. Sa sutelet Van der Harst syn produkten út mei de 'fisktaksy' en bringt er de fisk by de minsken thús.
Djoere wisky en priuwerijen
De Mitra-sliterij fan Kees Jan Kempenaar yn Burgum hat ek in pear topmoannen hân. "Ferline wike noch ferkocht ik in flesse wisky fan hast 300 euro. In jier of wat ferlyn barde soks net." Kempenaar organisearret yn 'e saak alle moannen bier- en wiskypriuwerijen. "Om de klant oan ús te binen, mar ek om ris wat ekstra's te bieden. Gesellich mei live-muzyk en in hapke. Dan hat elk in noflike jûn".