Fryske Boer zoekt Vrouw-kandidate: "Wêr is de escape knop?!"

3,8 miljoen minsken seagen der snein nei: Boer zoekt Vrouw. Ut de hûnderten brieven hat elke boer tsien útsocht foar de speeddate. En dêr dienen in pear Friezen mei, wêrûnder arsjitekt Nynke-Rixt Jukema. Se hie in brief skreaun oan boer Marc yn Zambia. Nynke-Rixt waard útnûge foar in speeddate, mar dat waard net in súkses. Se hat mar inkelde sekonden yn byld west en lei nei dy earste date al út it programma. "Der wie gjin klik", fynt Nynke-Rixt.
Fonk
"Ik wie as alderlêste oan de beurt. Dan hast fan de oare froulju al heard hoe't er is. Wy ha it gewoan oer wurk hân. En foar ik it wist, lei ik der út. It wie foar my hiel ûnrealistysk", seit se. Se is der net echt rouwich om dat se net troch is, omdat de fonk tusken boer Marc en har net oersloech.
Escape knop
Nynke-Rixt hie al it idee dat se net troch gean soe. "It liket op telefyzje oft alle froulju dy't meidogge smachtsjend en wanhopich nei him sjogge fan 'kies my, kies my!' Mar foar my wie de realiteit dat ik wist dat ik ôfwiisd wurde soe. Dus ik tocht eins: O jee, shit, wêr is de escape knop?!"
Dochs fynt se it leuk dat se meidien hat oan it programma. Se hat it snein mei buorlju sjoen. "Wy ha der in feestje fan makke en ha der hurd om lake."