Minister yn heger berop tsjin transportbedriuw Surhústerfean
Minister Schultz fan ynfrastruktuer en miljeu en de Inspectie Leefomgeving en Transport wolle dat in feetransportbedriuw út Surhústerfean dochs noch trije boeten krijt. It transportbedriuw koe fan trije ritten de tachograafskiven net sjen litte, wêrop't de deistige ryd- en rêsttiden fan de sjauffeurs stean. Earder krige it bedriuw hjirfoar ien boete fan de rjochtbank oplein.
De minister en de ynspeksje binne it net iens mei de útspraak fan de rjochter en gean dus yn heger berop. Se binne bang dat it troch de mylde útspraak fan de rjochter foar oare bedriuwen yn de transportsektor oanloklik wurdt om de regels net op te folgjen. De Ried fan Steat docht oer inkelde wiken útspraak.