Skilderij op klearljochtskyndei stellen út galery Ljouwert

Der is in skilderij mei in wearde fan sa'n tûzen euro stellen út Galerie Doet yn Ljouwert. It giet om in skilderij fan in skieppekop, makke troch Doet Boersma. Oan de Schrans yn Ljouwert hat sy njonken har eigen galery ek de Kunstacademie Friesland.
It skilderij hong yn de hal fan it gebou. It giet om in wurk fan 50 by 50 sintimeter en waard woansdeitemiddei meinaam troch in man fan rûn de tritich jier mei in blau-blokte jas en in swarte joggingbroek. Dat sinjalemint is sa krekt om't fan de stellerij foto's makke binne.
Foto's fertochte
Buorlju oan de oare kant fan de strjitte fan útstjoerburo Unique seagen dat de man him fertocht gedroech en makken dêrom de foto's. De man riedt fuort op in grut model 'vouwfiets'. De foto's fan de fertochte hingje foar it rút fan de galery.