FIDEO: Hoe moat de rjochtspraak omgean mei fjochtskiedings?

Yn Fryslân Hjoed dizze wike omtinken foar fjochtskiedings. Rjochter Klijn fertelt moandeitejûn mear oer hoe’t it oars moat yn de rjochtspraak. Want sa as it no giet, giet it net goed. Klijn is ien fan de rjochters dy’t it fisydokumint skreaun hat dat no lanlik ynfierd wurdt.
It folsleine petear mei rjochter Klijn stiet by dit artikel. Ek tiisdei besteget Fryslân Hjoed omtinken oan fjochtskiedings.