FNV: "Chauffeurs zitten soms huilend in de kantine"

FNV ropt Arriva op ta aksje yn ferbân mei de tsjinstregeling foar bussjauffeurs yn Fryslân. Neffens it fakbûn binne de rydtiden fierstente krap en soarget dit foar grutte ûntefredenheid by de sjauffeurs. "Zij zitten soms huilend in de kantine. Ze rijden op hun tandvlees. De maat is nu echter vol", skriuwt FNV yn in pamflet.
De krappe tiden soargje foar problemen mei oerstappen en ynstappen, meldt it fakbûn. Om dochs op 'e tiid te wêzen soene sjauffeurs geregeld it skoft oerslaan.
"En dat betekent dat ze onverantwoorde risico's nemen. Het ziekteverzuim is op sommige vestigingen opgelopen tot 20%."
Oan tiden hâlde
Dêrom ropt it fakbûn de sjauffeurs op om harren strak oan de tiden te hâlden. Sa kin Arriva sjen wat de gefolgen fan de tsjinstregeling binne. "Houd je aan de snelheid, houd je aan de overstaptijd en neem je volledige pauze. Als je de gaten blijft dichtjagen is de klant tevreden, Arriva zeer tevreden, maar is de chauffeur de grote verliezer", aldus FNV.
It fakbûn hat it probleem mei de tsjinstregeling al earder oankaart by de ferfierder. Der soe ôfrûne wike in oplossing komme, mar dy is der net kaam. Dêrom komt it fakbûn no yn aksje.