Fiifling lamkes berne yn Sanjesfertier

© Sanjesfertier
Yn boarters- en dierepark Sanjesfertier yn Feanwâlden is in fiifling lamkes berne. In fiifling komt yn Nederlân net sa faak foar. It wie dan ek in folsleine ferrassing foar de fersoargers fan it dierepark.
Troch it grutte tal lamkes, wiene se tige lyts fan stik. De lytste fan it stel wie mar oardel kilo swier. De mem wie siik wurden fan de dracht, mar makket it no wer goed. De lamkes wurde byfuorre mei de flesse en waarm hâlden ûnder in waarmtelampe.
Alle fiif lamkes binne dizze foarjiersfakânsje te bewûnderjen yn it dierepark.