Plysje pakt fiif minsken op foar ûntfiering fan man

De plysje hat fiif minsken oppakt yn ferbân mei in ûntfiering yn Drachten. Op de Baalder yn Drachten draafde sneintenacht in man ôf op surveillearjende plysjeminsken. De man, in 26-jierrige ynwenner fan Almelo, fertelde dat er ûntfierd wie en ûntsnapt wie út in auto. Dy auto naaide op dat momint út.
Plysjeminsken hawwe de auto efkes fierderop oan de kant setten. De twa ynsittenden, in man fan 26 út Surhústerfean en in 45-jierrige frou út Drachten, binne oanhâlden.
Ut ûndersyk die bliken dat der mear minsken belutsen wienen by de ûntfiering. Op in camping yn Boelensloane binne noch trije minsken oppakt. It giet om in 37-jierrige man út Drachten, in frou (21) út Stynsgea en in 41-jierrige ynwenner fan Oerterp.
Ek troffen de plysjeminsken in fjoerwapen oan. Dat is, lykas twa auto's, yn beslach naam. De fertochten wurde tongersdei foarlaat.