Tsien hurdriders reitsje harren rydbewiis kwyt by De Jouwer

De plysje hat sneintemiddei op de A7 by De Jouwer 10 rydbewizen fan hurdriders ynnaam. De bestjoerders kamen fan Snits en rieden flak foar de rotonde by De Jouwer mei hege snelheid op it stik dêr't 70 kilometer it maksimum is.
Ien bestjoerder ried sels 142 kilometer, dus twa kear sa rap as tastien. De plysje kontrolearret op dit stik dyk ekstra fanwegen inkelde (slimme) ûngelokken dy't dêr de lêste tiid wiene, guon mei deadlike ôfrin.