Man en frou beide mei tefolle drank op achter stjoer
In frou en har man binne sneontenacht beide oanhâlden omdat se mei tefolle drank op achter it stjoer sieten. De frou út de gemeente De Fryske Marren waard by in alkoholkontrôle troch de plysje trappearre mei trije kear sa folle alkohol op as tastien. Dêrop waard har rydbewiis ynnaam. Har man soe har ophelje, mar by oankomst kaam hy ek net troch de blaastest. Hy krige in proses-ferbaal.