Gemeente wol mei ûndernimmers prate oer komst Van der Valk

© ANP
De gemeente Hearrenfean sil op 1 maart mei ûndernimmers om tafel om te praten oer de mooglike komst fan in Van der Valkhotel oan de A32 by Oranjewâld. Foardat der in beslút naam wurdt, wol de gemeente útfine wat dit betsjutte soe foar it ûndernimmersklimaat fan It Hearrenfean. De gemeente wol fan de ûndernimmers hearre wat sy fine fan de plannen en wat neffens har de gefolgen binne. Op grûn fan de útkomst bepaalt de gemeente oft it hotelplan fierder ûntwikkele wurdt of net.