Gözübüyük: "gjin penalty"

© ANP
Skiedsrjochter Serdar Gözübüyük hat nei ôfrin fan de wedstriid fan FC Twente tsjin SC Hearrenfean tajûn dat hy der flink neist siet. Hy joech in penalty neidat Twente-spits Enes Ünal him falle liet yn it strafskopgebiet fan keeper Erwin Mulder, ta frustraasje fan de Feansters. De skiedsrjochter woe net reagearje foar de kamera's mar joech wol in ferklearring: "Als ik zo overduidelijk een foute beslissing neem, heeft het voor mij geen enkele zin om daar na afloop op camera nog op te reageren."