Sterk LDODK wint noardlike derby rom fan DOS'46: 27-22

De noardlike kuorbalderby yn Nijeveen tusken DOS’46 en LDODK is sneontejûn rom wûn troch de Gordyksters mei 27-22. Fan de earste minuut ôf liet LDODK sjen dat der neat te heljen wie foar de Drinten. Mei troch in sterke ferdiegening pakte LDODK flot in foarsprong fan 9-3, en dat ferskil is de hiele wedstryd yn stân bleaun. Fia 10-14 by it skoft rûnen de Friezen yn de twadde helte út nei 18-26 en siet de winst yn 'e knip.
Erwin Zwart en Femke Faber (5) wienen tûk, mar ek Marjolijn Kroon en Diana van der Vorst wienen op dreef mei elk 4 goals.
LDODK stiet no op it tredde plak, ien punt achter TOP Sassenheim. Dy ploech komt sneon op 'e Gordyk, en de winner fan dat duel hat de bêste papieren om twadde te wurden yn de kuorbal league. Yn de heale finale fan de play-offs spylje de nr.2 en de nr.3 yn in beste-fan-trije searje om in finaleplak. De ploech dy't yn 'e kompetysje it heechst einige is, hat thúsfoardiel yn de play-offs.