SC Hearrenfean ferliest fan FC Twente

SC Hearrenfean hat sneontejûn yn Enschede mei 1-0 ferlern fan FC Twente. De thúsploech sette de sokken deryn en hie it earste kertier de oermacht. Nei in lyts healoere kamen de Feansters better yn de wedstriid. Arber Zeneli helle in pear kear út, mar dat smiet neat op. Beide ploegen kamen net ta skoaren.
Yn de twadde helte wie Zeneli wer tichtby in goal, mar de earste goal fan de wedstriid foel yn de 54ste minút. FC Twente skoarde nei in diskutabele strafskop. De Feansters setten wol druk mar de bal mocht der net yn.
De Friezen ha no al fiif wedstriden op rige net winne kinnen. Op de ranglist hat FC Twente de Fryske klup no ynhelle.
Unterjochte
Neffens keeper Erwin Mulder wie de penalty ûnterjochte, want wie der giin sprake fan in oertreding op spits Enes Ünal. Dy makke in schwalbe. "Ik heb hem totaal niet aangeraakt, ik draai nog weg omdat ik hem niet wil raken. Het is honderd procent geen penalty, maar de scheids legt de bal op de stip. De beelden spreken voor zich."
Geen penalty
Nei ôfrin fan de wedstriid skriuwt de NOS oer de skiedsrjochter: 'Gözübüyük erkent: geen penalty Twente'. Nei ôfrin woe Gözübüyük net foar de NOS-kamera reagearje. "Als ik zo overduidelijk een foute beslissing neem, heeft het voor mij geen enkele zin om daar na afloop op camera nog op te reageren", wie syn ferklearring.