Brutsen ribbe makket ein oan reedrydseizoen Crispijn Ariëns

Crispijn Ariëns
Crispijn Ariëns út Wolvegea hat net inkeld de alternative alvestêdetocht op de Weissensee wûn, mar hat der ek in brutsen ribbe oan oerhâlden. Dêrmei is fuort in ein kommen oan syn maratonseizoen. Ariëns wie yn de slotfaze fan de 200 kilometer lange reedrydtocht yn Eastenryk fallen. Dochs wûn er de wedstriid. Yn Nederlân ried er ek noch in wedstriid, mar hy hie bot lêst. It die bliken dat syn ribbe brutsen is. Ariëns liedt de KPN Grand Prix, mar de 27-jierrige reedrider sil dy posysje net ferdigenje yn Sweden.