Nagelnije waarside fan Piet Paulusma lansearre

It is ien fan de populêrste siden op de webside en de app fan Omrop Fryslân, de waarside. Alle dagen lêze tûzenen Friezen op omropfryslan.nl/waar alles oer it waar, foarsein troch ús waarman Piet Paulusma. De waarside is no hielendal fernijd. Yn it radioprogramma Op & út hat Piet sels de fernijde side lansearre.
Wat is der krekt feroare?
De waarside sjocht der benammen hiel oars út. No kinst yn ien eachopslach sjen wat it waar wurdt de kommende oeren en dagen. En omdat ús waar foarsein wurdt troch Piet, is ús waarman ek noch promininter oanwêzich. Fansels binne de fêste ûnderdielen der ek noch. Lykas de buienradar, Piet syn waarpraatsje en bylden fan syn webcam yn Harns. Mar der binne ek nije saken lykas alle dagen in oare waarfoto en de PietCast.
PietCast, wat is dat krekt?
Ien fan de ûnderwerpen dêr’t it measte oer praat wurdt, is it waar. We ha der ek alle dagen mei te krijen. Foar de minsken dy’t ynteresearre binne yn mear as allinne de foarsizzing foar de kommende dagen, is der de PietCast. Wim Brons dûkt ien kear yn de trije wiken tegearre mei Piet djipper it waar yn. Hoe komt Piet oan syn ynformaasje? Krije we ea noch in alvestêdetocht? Hoe tinkt Piet oer de opwaarming fan de ierde? Allegear ûnderwerpen dy’t oan ‘e oarder komme kinne yn dizze podcast oer it waar. De PietCast is ek te finen yn iTunes.
Ik sjoch ek in foto fan Piet, is dat hieltyd deselde foto?
Neat is sa feroarlik as it waar en dus feroaret Piet mei. Kinst dus oan Piet sjen oft de moffen oan moatte, in t-shirt of datst mar better in paraplu meinimme kinst. We hawwe hûnderten foto’s makke fan Piet: mei koarte mouwen of lange mouwen, mei of sûnder sinnebril of paraplu en gean sa mar troch. De foto past him automatysk oan oan it waar.
Ik ha ek in moaie waarfoto, hoe kin ik dy ynstjoere?
Alle dagen is der in nije waarfoto te sjen. Elkenien kin der ien ynstjoere fia omropfryslan.nl/waar of it waar yn de omrop-app. Dêr stiet in linkje om in foto te uploaden. De redaksje siket alle dagen de moaiste of opfallendste út en dy komt as waarfoto fan de dei op de side te stean.
Win in waarstasjon en in dei op paad mei Piet
De kommende wike jouwe we alle dagen in digitaal waarstasjon wei oan dejinge dy't de moaiste of opfallendste waarfoto ynstjoerd hat. Dat kin fia de app op 06-20499199. De winners wurde bekend makke yn No yn Fryslân.
En wat komt der noch mear?
Wy bliuwe fansels dwaande mei de ûntwikkeling fan de waarside. Sa is it ynkoarten ek mooglik om it waar te besjen yn it eigen doarp of stêd.