Sealfuotbalfroulju Drachten winne, Stiens spilet lykspul

Sealfuotbalfroulju Drachtster Boys (hjir op argyfbyld) © Drachtster Boys
De sealfuotbalfroulju fan de Drachtster Boys hawwe freedtejûn harren útwedstriid tsjin Pro Futsal Club út Apeldoorn wûn. De Drachtsters hiene gjin grutte problemen mei de Futsal Club. Yn de earste helte gie it noch frij gelyk op, en kaam in 2-2 op it skoareboerd te stean. Nei de rêst hiene de Drachtsters der nocht oan, en kaam de einstân út op 11-6.
De sealfuotballerfroulju fan Avanti út Stiens hiene in folle dregere jûn. Sy spilen thús mei 1-1 gelyk tsjin Reiger Boys Heerhugowaard. Daisy Andringa skoarde foar Avanti.