Kollum: "Belgysk fytspaad"

"Belgen binne gek op fytsen. Noch folle gekker as Nederlanners. Oer de dyk of troch de drek, der komt altyd in smite folk op ôf. Dat is sa groeid, Belgen hawwe wat mei fytsen, Noaren hawwe wat mei langlaufen en Ingelsen mei rugby.
Doping, ynboude hulpmotorkes of net, de leafde foar de sport sit tige djip. Hast alles dat ferkeard is wurdt troch de hearen kommentatoaren Michel Wuyts en José De Cauwer fakkundich bagatellisearre op sa’n wize dat jo der ek noch yn leauwe.
Dizze mannen meitsje fjouwer oeren nei in oersaaie flakke rit sjen krekt sa spannend as Klaas Jansma in blakstille driuwpartij fan fjirtjin skûtsjes op in rimpelleaze Hegemer Mar. As jo neat oan fytsen fine, is dat net slim. In ferslach fan in fytswedstriid yn België kinne jo ek gewoan oan hawwe sûnder nei de bylden te sjen. It is gewoan prima lûdsbehang.
Belgen en fytsen is twee handen op één buik
Dus as der in konferinsje hâlden wurdt om it gebrûk fan de fyts te promoatsjen leit it foar de hân dat de Flaamske minister fan mobiliteit de buizen pakt en fytsendewei nei dy gearkomste giet. Sa die Ben Weyts, de man yn kwestje, dat dus ek. Yn Flaanderen hawwe se in minister fan mobiliteit dy’t 300 miljoen euro yn nije fytspaden ynvestearje wol. Dêr hearre jo dan wer gjin asfalthaters oer. Wêr is de Partij voor de Dieren as der in reewiksel, dy’t al 25 jier bestiet, wreed trochsnien wurdt troch in inketswart fytspaad? Dan haw ik it noch net iens oer al dy wjirms en oare lytse wrotters dy’t simmerdeis libben roastere wurde as se de troch de sinne gleonhjit wurden swarte fytssneldyk oerstekke wolle. En as se it al hast helle hawwe, wurde se dochs noch plat riden troch sa’n wrede fytser mei in flitsende sinnebril op dy’t allinnich mar nei syn hertslachmeter sjocht en hielendal gjin each hat foar de libbensstriid fan in skoander en kwyk keverke dat op wei wie nei syn freondinne oan de oare kant fan dat ferdomde fytspaad. Fletssss, dea. Wat in leed, mar dan hearre jo net in minsk. It is in griis, al dy bisten en skoandere natuer dy’t opoffere wurdt foar al dy fytspaden. -)
Mar hawar, de auto moat thús stean bliuwe en de Flamingen moatte noch faker op de fyts. Better foar de kondysje en it miljeu. It like my in moaie en ynspirearjende middei foar de minister. Ien dêr’t er him gjin bult oan falle koe. Mar ja, doe’t er nei de tiid op hûs oan woe - miskien hie er wol in pint of twa, trije lekkere Belgyske bierkes pakt, omdat er dochs net ride soe - die bliken dat ien of oare sike geast syn fyts jatten hie. Op sa’n stuit krij ik altyd in hast net te betwingen nocht te laitsjen. Sa hearlik iroanysk. Dogge jo sa jo bêst foar de goede saak, stean jo yn jo strakke fytspakje (grif mei fytshelm op, want de fytshelm is it nije hesje) nei it plak te sjen dêr’t jo moaie fytske niis noch stie. Neat. Leech. Dus de mobyl mar út it rêchpûdsje fan syn hippe hurdfytstrui mei in fracht oan sponsoaren derop en út klearebare earmoed mar belje. Se hawwe him troch syn priveesjauffeur mei de tsjinstauto ophelje litten. Oant safier de goede bedoeling mei it miljeu op dy dei yn België. No wit ik net of de fytsedief wit op hokker fyts oft er syn kilometers no makket, mar as er it al wit, soe er dan stikem gnize? Neat minskliks sil him of har frjemd wêze, nim ik oan. Myn Belgysk is net wat it west hat, mar ik kin my yntinke dat er de grap yn de kroech bêst meitsje kin:
‘Weet gij van wie die fiets tot voor gister was? Van de minister!’
‘Ja, het zal wel...’"
Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Ek presintearret er geregeld Flyers TV. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels. Ferdinand is te folgjen op Twitter.