Ljouwerter feroardiele foar kweken fan himp yn Ferwert

Justysje © Omrop Fryslân
In Ljouwerter (45) himpkweker hat freed fan de rjochtbank in wurkstraf fan 120 oeren oplein krigen. Hy krige boppedat in moanne sel ûnder betingst. De man ferboude de himp yn in gebou yn Ferwert dat er hierde. De plysje ûntduts de grutte plantaazje op 5 jannewaris 2015.
De feroardiele man moat fan de rjochter it jild dat er fertsjinne hat mei de ferkeap fan 'e drugs werombetelje. Dat is hast 40.000 euro yn in jier. De man wie net by de sitting oanwêzich. Mooglik sit er yn it bûtenlân.